Ek mear Fryske komasûpers

11 mrt 2014 - 12:27

Der moatte hieltyd mear komasûpers behannele wurde op de earste help fan sikehuzen, dy trend is ek yn Fryslân te sjen. Foarich jier like it krekt better te gean, mar no docht bliken dat it tal jongeren mei in alkoholfergiftiging yn 2012 fiif kear sa heech leit as tsien jier earder. Dat meldt konsuminte-organisaasje VeiligheidNL.

Meielkoar binne der yn 2012 yn hiel Nederlân 5300 minsken opnaam mei in alkoholfergiftiging. Marco Brugmans fan VeiligheidNL tinkt dat it tal komasûpers sa bot tanaam is, omdat der no in oare drankkultuer is

Trefwurden: 
Ljouwert MCL komasûpe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)