Ynbrekker pakt yn Froubuorren

11 mrt 2014 - 11:36

In jonge fan 17 jier út Froubuorren is moandei oppakt foar in ynbraak yn in wenning oan de Mathijs Beckstrjitte yn syn wenplak. De 39-jierrige bewenster trof moarns spoaren oan fan ynbraak doe't se thúskaam. Se seach ek dat der jild fuort wie.

De frou warskôge de plysje. Dy kaam troch buertûndersyk op it spoar fan de fertochte. De jonge sit fêst foar ferhoar.

Trefwurden: 
ynbraak Froubuorren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)