Ferkiezings: Eaststellingwerf

11 mrt 2014 - 11:30

Yn de oanrin nei 19 maart hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de gemeenteriedsferkiezings. Ferslachjouwers binne fan moandei 10 maart ôf sân dagen lang op 'en paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Wat foar politike kwestjes spylje dêr? Hoe komt it bygelyks mei de weryndieling of mei de leefberens yn de doarpen? Yn de gemeente Eaststellingwerf prate wy oer de opkomst.

Helje we de 50%? Fjouwer jier lyn gie noch krekt wat mear as 50% fan de kiezers nei de stimbus by de gemeenteriedsferkiezings. Hoe komt dat yn 2014?

Fan ferskate kanten wurdt al sein dat it wolris dreech wurde kin om dy 50% te heljen. En as dat net sa is, is der dan noch wol sprake fan demokrasy? Wat dogge de politike partijen yn Eaststellingwerf deroan yn oanrin nei de ferkiezings fan 19 maart om toch safolle mooglik minsken nei de stimbus te krijen?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)