Frou ferwûne by Fryske Peallen

11 mrt 2014 - 11:07

In frou fan 31 jier út De Wilp is moandeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn Fryske Peallen. De autobestjoerster waard op de Kromhoek fan achteren oanriden troch in 20-jierrige automobilist út Haulerwyk. Hy seach te let dat de frou remme om oar ferkear foargean te litten.

It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De man kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Fryske Peallen oanriding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)