Borg noch hieltyd kandidaat

10 mrt 2014 - 22:26

Ab Borg fan Drachten wol noch hieltyd foarsitter wurde fan skûtsje-organisaasje IFKS. It moat dan al sa wêze dat de leden de doelstelling fan de IFKS wiermeitsje wolle: It silen fan wedstriden en it delsetten fan in sûne organisaasje. Ofrûne wykein waard de foardracht fan Borg mei in rûzige gearkomste ôfstimd. In groep leden wie it net iens mei de wize wêrop't Borg foardroegen wie troch it âlde bestjoer.

Der soe gjin mooglikheid wêze foar tsjinkandidaten. It gefolch wie dat it folsleine sittende bestjoer opstapte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)