Fryske brânwacht by brân Een

10 mrt 2014 - 20:34

Fryske brânwachtkorpsen moasten moandeitejûn útrukke foar in grutte brân yn it Drintske Een by Haulerwyk. De brân wie yn in buorkerij mei it reiden tek. De buorkerij is folslein ferlern gien. Alle minsken en bisten dy't yn it gebou oanwêzich wiene binne neffens de brânwacht feilich út de buorkerij kaam.

Ek korpsen út Grinslân en Drinte wiene oanwêzich om te helpen.

Trefwurden: 
brân Drinte brânwacht Een
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)