Brân yn wenhûs Rie

10 mrt 2014 - 19:23

Yn Rie by Frjentsjer hat moandeitejûn in útslaande brân west yn in wenhûs. De brânwacht wie mei meardere blusweinen yn it spier om de brân te bestriden. Nei in lyts healoere koe it sein 'brand meester' jûn wurde. De bewenners binne sûnder ferwûnings út it hús kaam, mar moasten wol troch ambulânsepersoniel ûndersocht wurde foar it ynazemjen fan reek.

Update: De brân hat foar in protte skea soarge. Neffens de brânwacht is de boppeferdjipping fan it hûs folslein ôfbaarnd. Op de benedenferdjipping is benammen in protte wetterskea. Om healwei tsienen wie de brân folslein út. De plysje ûndersiket de brân.

Trefwurden: 
brân Rie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)