Muzykprotest yn Fryske Marren

Hast alle muzykferienings út de gemeente De Fryske Marren hâlde moandeitejûn in stil protest tsjin de foarnommen besunigings op de orkesten. De gemeente wol de subsydzjes oant 2017 hielendal ôfbouwe. Dat hat grutte gefolgen foar de muzykferienings en de hûnderten muzikanten.
De orkesten krije no byinoar tsientûzenen euro's oan subsydzje. De gemeenteried beslút moandeitejûn oer de plannen.