Ferkiezings: It Amelân

Yn de oanrin nei 19 maart hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de gemeenteriedsferkiezings. Ferslachjouwers binne fan moandei 10 maart ôf sân dagen lang op 'en paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Wat foar politike kwestjes spylje dêr? Hoe komt it bygelyks mei de weryndieling of mei de leefberens yn de doarpen?
De jongerein op it eilân kin gjin betelbere wenningen fine en ferhuzet dêrom nei de fêste wâl. De partijen op it eilân fine dat der mear romte komme moat foar nije hierhuzen en foar starters om in hûs te keapjen.