MBO'ers wolkom op Fryske Pabo

De NHL Hegeskoalle yn Ljouwert werkent him net yn de lege sifers dy't mbo'ers yn it earste stúdzjejier helje op de Pabo-oplieding. Neffens de feriening fan hegeskoallen falt hast de helte fan alle ynstreamde mbo'ers al yn it earste stúdzjejier út. Foar de feriening reden om in brânbrief te stjoeren nei de Twadde Keamer.
Op de NHL Pabo lizze de skoares fan toetsen oars. Dêr falt in kwart fan de mbo'ers en havisten yn it earste jier ôf. Goed 50% fan de mbo'ers hellet rekken en taaltoetsen yn ien kear.
De feriening fan hegeskoallen pleitet der foar om mbo'ers dy't min presteare fan de Pabo-opliedings ôf te hâlden. De NHL fielt dêr neat foar.