Priis foar Fred's last minute

De koarte film "Fred's last minute" dy't makke is foar it '48 hour film project' fan it Noard Nederlânsk Filmfestival yn Ljouwert, is ynternasjonaal yn de prizen fallen. Yn New Orleans wûn de film in priis foar de beste akteurs. Yn Ljouwert krige de film ûnder oare de titel bêste film en wûn er de publykspriis.
De film is makke yn it ramt fan it '48 hour film project,' in projekt dêr't filmmakkers yn útdage wurde om yn 48 oeren in film te betinken, te filmjen en te montearen. De makkers komme ûnder oare út Fryslân en Grins.
De rollen yn de sân minuten-duorjende film wurde spile troch Wybo Smids út Weidum en Meriyem Manders, yn Fryslân better bekend as Talieta út 'Baas Boppe Baas'.