Doarpen betelje ferljochting

10 mrt 2014 - 14:02

De pleatslike belangen fan Gerkeskleaster/Strobos, Boelensloane en Twizelerheide betelje sels de nije ferljochting by de fytspaden yn it doarp. Dat is moandei besletten yn oerlis mei de gemeente Achtkarspelen. It giet om in foarfinansiering, dy't de gemeente de kommende trije jier werombetelje sil.

Op dit stuit is der yn de gemeentekas gjin budzjet foar it fernijen fan de ferljochting, wylst dat wol hurd nedich is. Sûnder foarfinansiering fan de pleatslike belangen hie de oanpak fan de fytspaden noch langer wachtsje moatten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)