Boargemaster A'dam wol oerlis

10 mrt 2014 - 11:23

Boargemaster Van der Laan fan Amsterdam sil meikoarten om tafel mei de plysje en it Iepenbier Ministearje om de rellen fan snein mei Cambuur en Ajax-supporters te evaluearjen. Dêrby sil benammen besjoen wurde oft de risiko's fan de wedstriid net ûnderskatten binne.

De wedstriid waard yn it foar sjoen as in feilige wedstriid. Dat betsjut dat de Cambuur-supporters op eigen gelegenheid nei Amsterdam komme mochten en net ûnder plysjebegelieding stiene. By de rellen yn Amsterdam moast de ME der oan te pas komme om de supporters te skieden.

De plysje hat úteinlik tsien supporters fan Cambuur oppakt en twa fan Ajax. Seis fan de Ljouwerter supporters sitte noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)