Ferkiezings: Littenseradiel

Yn de oanrin nei 19 maart hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de gemeenteriedsferkiezings. Ferslachjouwers binne fan moandei 10 maart ôf sân dagen lang op 'en paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Wat foar politike kwestjes spylje dêr? Hoe komt it bygelyks mei de weryndieling of mei de leefberens yn de doarpen? Yn de gemeente Littenseradiel giet it moandei oer de kampanjes.
Wa ken de publikaasjebuorden net dy't troch de politike partijen yn de tiid fan de ferkiezings folplakt wurde mei de koppen fan de listlûkers? Is dat genôch?
Moat der net mear ynsetten wurde op de sosjale media lykas Twitter en Facebook? In oare kwestje is hoefolle romte je de boeren jaan moatte as se útwreidzje wolle. Dy regels kinne wol wat minder strang, fynt de VVD, mar de PvdA tinkt dêr hiel oars oer...