'Polare Ljouwert dochs ticht'

10 mrt 2014 - 11:05

De kâns is grut dat Polare - de eardere boekhannel De Tille - yn Ljouwert definityf tichtgiet. De Polare-festiging wurdt mooglik oernommen troch Van der Velde boekwinkels. Neffens in wurdfierder is it net logysk om de saak oan it Ruterskertier iepen te hâlden, omdat de hege húsfestingskosten hiel heech binne. Ek is it neffens de wurdfierder de fraach oft der yn Ljouwert wol romte is foar twa grutte boekhannels.

De ferwachting is dat der ein dizze wike dúdlikheid oer de takomst fan de boekhannel oan it Ruterskertier komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)