Cambuursupporters noch fêst

Der sitte noch seis Cambuursupporters fêst nei de rellen fan snein yn de binnenstêd fan Amsterdam en by de Amsterdam Arena. Fjouwer oaren binne yntusken frijlitten. Foar de wedstriid wiene inkele hûnderten Cambuur-supporters yn it sintrum fan Amsterdam en dat soarge foar in konfrontaasje mei Ajax-hooligans. De ME moast der oan te pas komme om beide groepen út elkoar te heljen.
Letter gie it ek mis by it supportershome fan Ajax by de Arena en moast de ME opnij yn aksje komme. Der waard doe sels in pistoal lutsen om de groepen te skieden.
De wedstriid Ajax-Cambuur wie yn it foar troch de KNVB ynskatten as in wedstriid mei in leech feiligensrisiko.