Mooglik staking by kasino

Kasino
As de stakings by Holland Casino yn Rotterdam en Utrecht kommende freed gjin effekt hawwe, wurdt ek in staking by de festiging yn Ljouwert net útsluten. Dat ferwachtet Huug Brinkers fan De Unie. Freed lizze de wurknimmers fan de Rotterdamse en Utrechtse festiging it wurk del.
Se easkje in better sosjaal plan foar de wurknimmers dy't fuortbesunige wurde. It giet om inkele hûnderten minsken. As der gjin reaksje komt fan de direksje, sille nei alle gedachten ek op oare lokaasjes aksjes hâlden wurde.