Yllegale netten en fûke ynnaam

10 mrt 2014 - 10:12

De plysje hat snein proses-ferbaal opmakke tsjin in 55-jierrige man út Heech, om't hy ferbeane fangmiddels yn besit hie. Yn de wenning fan de man waarden in klepkoai, in mistnet en in grutte ielfûke fûn. De klepkoai hong oan in foljêre en yn de iepening lei lokaas foar de fûgels. It mistnet stie klear om brûkt te wurden, lykas de ielfûke.

Alle trije fangmiddels binne ferbean en yn beslach nommen troch de plysje. De man út Heech moat him ynkoarten melde op it buro om in ferklearring ôf te lizzen.

Trefwurden: 
Heech yllegaal fangmiddels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)