Probleem klok Aldlemmer oplost

10 mrt 2014 - 10:00

It probleem mei de tsjerkeklok fan Aldlemmer is oplost. De ôfrûne moannen wie yn it doarp opskuor ûntstien, omdat der in klacht kaam wie dat de tsjerkeklok tefolle leven makke. Letter die bliken dat it lûd yndie boppe de grins fan 70 desibel útkaam. Der drige dêrom in twangsom foar de tsjerkemienskip.

De foarsitter fan de tsjerkeried hat it lûd no werombrocht troch flierbedekkin yn de toer te hingjen en tape om de bongel te dwaan. No falt it lûd binnen de noarmen.

Buorman Bas Hendriks is tefreden mei de oplossing. Hy lit witte dat hy moarns om 8 oere altyd wekker waard fan de klok, omdat syn hûs fuort ûnder de toer stiet. Hendriks wennet al in oantal jierren yn Aldlemmer, mar hy hie earder gjin lêst fan de tsjerkeklok, omdat dizze it earder net goed die. Nei de restauraasje makke de klok lykwols folle mear leven. Hy fynt it spitich dat der safolle opskuor ûntstien is yn it doarp fanwege dizze kwestje.

Trefwurden: 
klokken Aldlemmer desibels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)