Parkeargaraazje Drachten iepen

10 mrt 2014 - 07:33

Mei in moarnsbrochje hawwe wethâlders Marjan van der Aart en Nieske Ketelaar moandeitemoarn de nije parkeargaraazje ûnder it Raadhuisplein yn Drachten iepene. De parkeargaraazje leveret 700 ekstra parkearplakken op foar besikers oan it sintrum. De foarsjenning moat soargje foar in belangrike ekonomyske ympuls foar it plak.

Alle winkeliers, ûndernimmers en omwenners fan it Raadhuisplein waarden útnoege foar de iepeningsseremoanje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)