Jager wint European Cup Zagreb

10 mrt 2014 - 07:00

Judoka Hilde Jager fan Judo Topsport Steunpunt Hearrenfean hat snein de European Cup yn Zagreb wûn yn de klasse oant 57 kilo. Na fiif winstpartijen tsjin tsjinstanners út Roemenië, Dútslân, Frankryk, Poalen en België wie Jager yn de finale te sterk foar lângenoate Fleur den Dekker út Utrecht. Den Dekker waard twadde, de Italiaanse Nadia Simeoli tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)