Sven Kramer wer yn sikehûs
Sven Kramer leit sûnt snein wer yn it sikehûs. Kramer waard tongersdei operearre oan syn luchtwegen, mar rûn nei de operaasje in ynfeksje op. Ut foarsoarch is er dêrom wer opnaam yn sikehûs Gelderse Vallei. 'In lytse tsjinfaller en dat is bale', sa reagearre Kramer snein sels yn in tweet.