Fjouwer kear goud foar De Jong

Antoinette de Jong fan Rottum hat snein mei de winst op de ploege-achterfolging har fjirde gouden medalje pakt by de wrâldkampioenskippen ôfstannen foar junioaren. Mei De Jong kamen ek Melissa Wijfje en Jade van der Molen yn aksje op de ploege-achterfolging. It trijetal sette in winnende tiid fan 3.11.09 op it boerd en wienen dêrmei fierwei de rapsten.
It sulver op de ploege-achterfolging gong nei de froulju fan Súd-Koreä, dy't in tiid fan 3.18.89 klokten. Japan makke it poadium kompleet mei in tredde plak yn in tiid fan 3.20.73.
De gouden medalje op de ploege-achterfolging is de fjirde gouden plak foar it talint út Rottum. Earder pakte se al de wrâldtitel allround foar junioaren en de wrâldtitels op de 1500 meter en de 3 kilometer. Op de 500 meter en de 1500 meter pakte se sulver.