Flylanner haai ferstoarn

09 mrt 2014 - 16:21

De seldsume flekte toanhaai dy't twa wike lyn oanspielde by kamping Stortemelk op Flylân, is ferstoarn. Dat hat it dolfinarium fan Hurderwyk, dat it bist fersoarge, snein bekend makke. De wyfkeshaai krige yn Hurderwyk iten troch in slankje, omdat it bist net frette woe. Meiwurkers fan it dolfinarium ha in skoft tocht dat de haai it wol oprêde soe, mar de wûne op de holle fan de fisk woe mar net better wurde.

De fersoargers tinke dan ek dat dizze ferwûning it bist fataal wurden is. Sy tinke dat in kobbe de haai op de holle pikt hat.

De plassel fan in haai bestiet út kreakbien, dêr't in seefûgel maklik trochhinne prikke kin. De toanhaai is yn it dolfinarium behannele mei antibioatika en huningsalve, mar dat hat de fisk der net boppe op helpe kinnen. De Universiteit fan Utrecht sil de deade haai ûndersykje.

It oanspielen fan de flekte toanhaai wie unyk foar Nederlân. It giet om in seldsume haaiesoarte, dy't noch nea earder op de Nederlânske kust oantroffen waard. It bist kin neffens it dolfinarium allinnich simmerdeis yn de Noardsee oerlibje, as it seewetter mear op temperatuer is.

Trefwurden: 
Flylân flekte toanhaai
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)