Soad animo foar Survivalrun

09 mrt 2014 - 16:16

Goed 1200 dielnimmers dienen snein mei oan de Biddle Survivalrun yn Koatstertille. Fanwege it prachtige maaitiidswaar en it grutte tal dielnimmers wie it drok op en om de sportfjilden fan SC Koatstertille hinne. Sa'n 300 frijwilligers setten in parkoers út mei 65 hindernissen. De survivallers, jong en âld, koenen kieze út ferskate ôfstannen.

Mei de 1200 dielnimmers is de Biddle Survivalrun útgroeid ta ien fan de grutste survivaleveneminten yn Fryslân.

Trefwurden: 
Koatstertille survival Biddle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)