De Jouwer wint mei 5-2 fan FVC

Yn in wier doelpuntespektakel hat De Jouwer snein de Fryske derby mei 5-2 wûn fan FVC. Op eigen fjild hie De Jouwer in geweldige start. Al nei 5 minuten makke Pieter Westra de iepeningstreffer. Yn de 31e minút sette Martijn Dijk de Jousters op 2-0. FVC'er Ruurd Algra soarge mei de 2-1 foar nije kriich, mar lang duorre dat net. Foar rêst tekenen Westra en Thiemen Pen foar in 4-1 tuskenstân.
Fuort nei rêst makke Geert Faber út in frije traap de twaddde Ljouwerter treffer. Pieter Westra soarge mei syn tredde treffer foar de romme oerwinning.
De ploech fan trainer Wieb Rodenhuis komt troch de oerwinning op 9 punten út 19 wedstriden. De Jousters steane noch altyd ûnderoan yn de sneinshaadklasse C. FVC bliuwt troch it ferlies stykjen op 23 punten, goed foar it 10e plak.