De Jong 2e, Van den Berge 3e

Antoinette de Jong fan Rottum is snein by it WK ôfstannen foar junioaren yn Noarwegen twadde wurden op de 500 meter. Yn de twadde race sette De Jong in tiid fan 40,53 op 'e klok. Dêrmei wist se har tiid fan de earste race (40,20) net te ferbetterjen. It wie lykwols goed genôch foar it sulver.
Bente van den Berge fan It Hearrenfean ried in sterke twadde race en kaam út op in tiid fan 40,48. Dêrmei pakte se it brûns yn it einklassemint. Vanessa Bittner út Eastenryk wie op beide races de rapste en pakte oertsjûgjend de titel op de 500 meter.
Earder wûn Antoinette de Jong al de wrâldtitel allround by de junioaren en it goud op de 1000 en 3000 meter en it sulver op de 1500 meter.