Lêste 'Emigrant' op 12 april

© Foarstelling De Emigrant mei Freark Smink en Theo Smedes
De lêste foarstelling fan it stik De Emigrant is op 12 april yn de Harmonie yn Ljouwert. Dat is sneon bekendmakke. By dy foarstelling wurdt ek de 20.000ste besiker ferwachte. De Emigrant, skreaun troch Romke Toering, is op dit stuit dwaande mei de tredde toernee. De earste wie ferline jier fan maart oant en mei maaie. Dêrnei folge in toernee yn Kanada.
De emigrant, spile troch Freark Smink, giet oer in Fryske emigrant dy't rom 50 jier lyn ferhuze is nei Kanada en dêr in grut bedriuw hat. Nei 50 jier komt er foar it earst yn Fryslân werom.