Man ferwûne by auto-ûngelok

Ambulânse © ANP XTRA
Op de P.W. Janssenwei yn Jobbegea is sneontemiddei in 25-jierrige autobetjoerder út Jobbegea ferwûne rekke by in ûngelok. De man helle twa auto's yn, mar hat dêrby nei alle gedachten in oare auto - dy't him yn de mjitte kaam - oer de holle sjoen. In oanriding wie it gefolch. De autobestjoerder is mei ferwûnings mei de ambulânse nei it sikehûs yn Drachten brocht.
De plysje siket noch in âlder echtpear. Sy waarden ynhelle troch de 25-jierrige. Se stoppen nei de oanriding wol efkes, mar rieden dêrnei wer troch.