Oppakt foar slaan plysjeman

Plysjesel © ANP XTRA
Yn de buert fan de kafees oan it Ruterskertier yn Ljouwert is sneontenacht in man út Hurdegaryp (37) oanhâlden, omdat hy in in plysjeman treaun en slein hie. Twa plysjeminsken wiene op de fyts oan it surveillearjen yn it sintrum. Yn in steech seagen se in man sitten dy't alkohol oan it drinken wie. Se sprutsen de man oan en joegen him in bekeuring, mar doe begûn de man út Hurdegaryp him der mei te bemuoien.
De plysje woe de man fuortstjoere, mar dêrnei waard der treaun en slein. Mei de nedige muoite waard de fertochte oanhâlden.
De man is yn de sel set.