SC Hearrenfean yn 2e helte los

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn de thúswedstriid tsjin PEC Zwolle mei 3-0 wûn. De wedstriid kaam dreech op gong. Nei in dik healoere krige earst PEC in gutte kâns, mar Bilal Basacikoglu bruts de skoare foar de Feansters iepen. Yn de twadde helte gâns mear fjoerwurk. Rajiv van La Parra soarge yn de 68e minút mei in prachtich skot foar de 2-0 en wie njoggen minuten letter de oanjouwer fan doelpuntemakker Alfred Finnbogason: 3-0.
SC Hearrenfean bliuwt sechsde mei 43 punten út 27 wedstriden.