Stroetinga wint massastart
Arjan Stroetinga fan Waskemar hat sneon by de wrâldbekerwedstriden yn Inzell de massastart wûn. Stroetinga wie nei 20 rûntsjes de rapste yn de einsprint.
Op de einstreek wist er de Belch Bart Swings en Bob de Vries foar te bliuwen.