Brânwacht rêdt katten út hûs

08 mrt 2014 - 16:57
De brânwacht rêdt twa katten út brânend hûs - Foto: Anton Kappers

De brânwacht hat sneontemiddei yn Ljouwert krekt op 'e tiid twa katten út in baarnend hûs helje kinnen. Oan de Lombokstrjitte yn Ljouwert wie in útslaande brân op de ûnderferjipping fan in wenhûs. De brânwacht wist de brân frij gau út te krijen, mar koe net foarkomme dat de ûnderferdjipping foar it grutste part útbaarnde. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

De bewenner wie net thús. Omdat de brânwacht dat net wist, waard der ekstra materiaal fan de brânwacht ynset.

Trefwurden: 
brân katten Lombokstrjitte
(advertinsje)
(advertinsje)