Mear kontrôle op dumpen ôffal

08 mrt 2014 - 15:10

Der komt in grutte provinsjale kontrôle op it dumpen fan ôffal yn de natuer. Dat is in hieltyd grutter probleem foar gemeenten. Natuerbehearders, provinsje, gemeenten en tafersjochhâlders hawwe skjin har nocht en komme dêrom yn aksje. As it dumpen fan ôffal yn de natuer fierder trochset, moatte de gemeentlike lêsten omheech. Dat seit boargemaster Arie Aalberts fan De Fryske Marren.

Yn syn gemeente binne freed oan in dyk by de Tsjûkemar fiif fetten mei in oalje-achtige substânsje fûn. Dy binne dêr yn de nacht fan tongersdei op freed dumpt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)