Merk fan mooglikheden Drachten

08 mrt 2014 - 12:54

Yn it Frysk kongressintrum yn Drachten is sneon foar de tsiende kear de 'Markt van de Mogelijkheden'. Dat is in beurs dêr't Friezen mei in beheining ynformaasje krije kinne. Der steane mear as 150 stands op de beurs. Faak is it dreech foar minsken mei in beheining om nei te gean watfoar organisaasjes harren helpe kinne.

Op dizze merk sit alles foar ien dei byinoar. Ek kinne besikers fan de merk saken meimeitsje. Sa kinne Friezen bygelyks ris belibje hoe't is om dôf of autistysk te wêzen.

Der is altyd in soad belangstelling foar dizze Merk fan mooglikheden. By eardere edysjes kamen mear as 2000 besikers nei it Frysk kongressintrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)