Himmelum: bidde foar Oekraïne

08 mrt 2014 - 12:44

Yn de Russysk-otterdokse tsjerke yn Himmelum is sneon yn gebed omtinken foar de situaasje yn de Oekraïne. Dêrby binne húshâldings oanwêzich út sawol Ruslân as de Oekraïne. Mei de gebedstsjinst wol de tsjerke oanjaan dat de Russysk-otterdokse tjerke yn it foarste plak út is op frede. Otterdoksen wurde faak net begrepen. Yn guon lannen, lykas Syrië en Egypte, wurde se ek ferfolge.

Der wienen sa'n seis húshâldings by de tsjinst oanwêzich.

Trefwurden: 
Himmelum Russysk-otterdoks
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)