Konsertkonkoers op Omroplive

08 mrt 2014 - 11:24

Sneon 8 maart kin op www.omroplive.nl fan 14:00 oere ôf live meiharke wurde nei it konsertkonkoers fan de OMF yn Drachten. Oan it konkoers yn De Lawei dogge alve orkesten mei, tsien út Fryslân en ien út Hurderwyk. Omrop Fryslân makket opnamen, dy’t letter werom te hearren binne op de ynternetstjoerder Koperkanaal.nl.

De koralen binne op sneintemoarn werom te hearren yn it radioprogramma Koperkanaal FM tusken 06:00 en 08:00 oere. Sjoch foar mear ynformaasje oer it konsertkonkoers ek op www.omf.nl. It konsertkonkoers duorret oant 23.00 oere.

Trefwurden: 
Omroplive OMF konsertkonkoers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)