Lemster frou dielt klappen út
In 48-jierrige frou fan De Lemmer hat freedtejûn in plakgenoate mishannele. Yn in hoarekasaak oan de Skâns krige de frou spul mei it slachtoffer. Dat rûn út de hân en de fertochte sloech de frou tsjin de holle.
Omstanners hawwe de twa út elkoar helle. De 48-jierrige frou is oanholden. Se sit fêst op it plysjeburo.