Dronken man yn 'ferkearde' hûs

Plysje arrestaasje/oanhâlding © ANP XTRA
De plysje hat freedtenacht in dronken Ljouwerter (36) út in hûs helle. De man wie derfan oertsjûge dat er yn it hûs fan syn heit wie, mar hy wie yn de wenning fan de buorfrou fan syn heit. Mei muoite hawwe de plysjeminsken de man der fan oertsjûgje kinnen dat er yn it ferkearde hûs wie.
De man is oanholden om't er ynbrutsen hat en iten opiten hat.