Beurs Vrouw wer útein set

De sânde edysje fan de beurs Vrouw is freed útein set. De beurs sil oant en mei snein yn it WTC-expo yn Ljouwert plakfine. Hichtepunten fan de frouljusbeurs binne neffens beursmanager Mirella Bosman de afterparty sneontejûn en in optreden fan Thomas Berge op sneintejûn.
De organisaasje ferwachtet dat der lykas ferline jier sa'n 24.000 besikers op it evenemint ôfkomme sille.