Fryske parsepriis foar Baukje

08 mrt 2014 - 07:11

Baukje de Vries wint de jierlikse Fryske Parsepriis. De priis wurdt sneontejûn oerlange op it parsebal. Neffens de sjuery is de hoareka-ûndernimster in 'symboal foar de fearkrêft fan Ljouwert'.

De Vries ferlear al har persoanlike besittings by de grutte brân, dy't it Ljouwerter sintrum yn oktober teistere. Likegoed stie se alle media te wurd, en die se har ferhaal alle kearen wer, oprjocht en sûnder falske triennen. Dêrmei stiet Baukje de Vries symboal foar Ljouwert, de stêd 'dy't noait wat wurde sal', mar yn 2013 faak yn it nijs wie.

Bytiden wie dat tragysk - lykas by de grutte brân - mar faak ek posityf. Tink oan de ferkiezing ta Kulturele Haadstêd 2018, de promoasje fan Cambuur nei de earedivyzje en it sukses fan Serious Request.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)