Jifke (16) nei NK mitseljen

Jifke Brolsma fan Tsjummearum giet nei de lanlike finale fan it NK mitseljen. De 16-jierrige learlinge fan de Anna Maria van Schurmanskoalle út Frjentsjer wûn freed de Fryske foarronde. Dêr dienen tsien vmbo-learlingen oan mei, Jifke wie it iennichste famke.
Yn twa dagen tiid moast der in siermuorre mitsele wurde. It NK mitseljen wurdt al sûnt 1953 organisearre troch de Nederlânske bakstienyndustry.