Jorrit Bergsma wint 5000 meter

07 mrt 2014 - 17:29

Jorrit Bergsma hat freed yn Inzell de 5000 meter by de wrâldbekerwedstriid wûn. De Boarnster, winner fan it goud op de 10 kilometer yn Sotsji en brûns op de 5000 meter, wûn yn 6.14.08. De Noar Sverre Lunde Perdersen waard twadde yn 6.19.48, Patrick Beckert fan Dútslân tredde yn 6.22.71. Douwe de Vries einige mei 6.22.88 krekt njonken it poadium.

Bergsma nimt yn de stân om de wrâldbeker op de beide langste ôfstannen de lieding oer fan Sven Kramer. Kramer komt dit seizoen net mear yn aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)