Hearrenfean wol wat sjen litte

07 mrt 2014 - 16:22

Sportklup Hearrenfean nimt it sneontejûn yn it Abe Lenstra stadion op tsjin PEC Zwolle. It ferskil op de ranglist is twa plakken en seis punten yn it foardiel fan de Feansters. De earste konfrontaasje op 13 desimber yn Zwolle waard troch Hearrenfean mei 2-1 wûn. Trainer Marco van Basten kin beskikke oer in romme seleksje. Hakim Ziyech en Bilal Basacikoglu kinne spylje. Van Basten hopet dat syn ploech better oan de wedstriid begjint as in wike lyn yn Almelo tsjin Heracles. Doe waard de wedstriid wol wûn, mar wie de earste helte striemin.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)