Aksjes op Fryske diken

Foar de rotonde fan De Jouwer is freed fertraging troch in protestaksje dêr't ûnder oaren frachtweinsjauffeurs by belutsen binne. De aksjefierders ride sûnt 3 oere rûntsjes op de rotonde, sadat it ferkear der dreech opkomme kin. De aksje wie yn it foar oankundige mei in Facebook aksjeside. De aksjefierders protestearje tsjin de aksynsferheging, de wurkleazens, hegere belesting en it sluten fan ferpleechhuzen.
It is ûndúdlik hoelang't de aksjes trochgeane. It platform Landelijke Demonstratie 2013 hat oankundige dat der mear aksjes komme.