Priis foar It Griene Nêst

Woartel
Stifting It Griene Nêst hat de GroenWerkt-priis wûn. Dizze ûnderskieding fan GrienLinks Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt. It Griene Nêst krijt de priis om't it in soad griene, sosjale en duorsume inisjativen ûntwikkele hat. Sa hat de stifting ûnder oaren in soarchbuorkerij en in biologyske griente en fruitkwekerij. De priis bestiet út twa ierdewurken fûgelhûskes.