Mear opsjes foar leechstân

07 mrt 2014 - 12:32

De gemeente Súdwest-Fryslân wol yn de takomst mear romte jaan oan nije bestimmingen foar leechsteande boerepleatsen. Dat seit wethâlder Leo Pieter Stoel yn reaksje op de nije sifers oer de leechstân op it plattelân. Yn totaal komt der yn de kommende 15 jier yn hiel Nederlân goed 15 miljoen kante meter oan boerebedriuwen leech te stean.

Allinnich yn Súdwest-Fryslân giet it al om mear as 300.000 kante meter. Neffens Stoel is dat in punt fan soarch dêr't se ek al langer mei dwaande binne.

Sa wurdt der wat makliker omgien mei it oanpassen fan it bestemmingsplan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)