Goed begjin De Jong op WK

07 mrt 2014 - 12:31

Antoinette de Jong fan Rottum is it wrâldkampioenskip junioaren allround yn it Noarske Bjugn goed úteinset. Op de 500 meter waard se twadde yn 40.20. De Eastenrykse Vanessa Bittner wûn mei oermacht yn 39.71. Yeon-Joo Chang fan Súd-Koreä waard tredde yn 40.40. Ferline jier yn Collalbo waard De Jong twadde yn de einstân, achter Miho Takagi fan Japan. Dy lêste docht net mei yn Bjugn.

Bente van den Berge fan It Hearrenfean docht mei oan it WK ôfstannen op de sprintnûmers. Se klokte de fjirde tiid op de 500 meter: 40.48. Snein is de 2e 500 meter.

Antoinette de Jong rydt letter op 'e dei de 1500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)