Boadskippen foar de takomst

'Gjin rûzje, frede op ierde en dat Fryslân mar bestean bliuwe mei'. Sa moat it oer hûndert jier wêze yn Boksum, as it oan de bern fan de Otto Clant basisskoalle leit. Freedtemoarn hawwe se in perkamintrol folskreaun mei harren takomstboadskip. De rol wurdt oer in moanne ûnder it nije Mata Hari-akwadukt by Boksum lein.
De rollen mei winsken reizgje de kommende tiid mei de Mata Hari-show fan Tet Rozendal mei. Elk kin dêr noch syn boadskip kwyt, oant 4 april. Dan litte Tet Rozendal en Sietske Poepjes it Mata Hari-akwadukt folrinne.