Waadeilannen meast toeristysk

© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De Waadeilannen binne de meast toeristyske gemeenten fan Nederlân. Ut sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) docht bliken dat mear as in tredde fan de wurkgelegenheid op de eilannen fan de toeristyske sektor komt. Skiermûntseach stiet boppe oan de list, en wurdt folge troch It Amelân, Skylge en Flylân.
Op de Waadeilannen wurket hast 40 prosint fan de minsken yn de toerismesektor. Ek de gemeente profitearret bot: op de eilannen komt goed ientredde fan de ynkomsten út de toeristebelesting.